Work

Berne-iepenloftspul Easterwierrum

wd:Q54806824

It Berne-iepenloftspul Easterwierrum of koartwei Berne-iepenloftspul (ek wol ôfkoarte ta BIS) is in iepenloftspul opfierd troch bern dat elts jier yn juny yn it Fryske doarp Easterwierrum holden wurdt. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Berne Iepenloftspul. De spilers komme út 'e heechste groepen fan 'e basisskoallen yn Easterwierrum en omlizzende doarpen. Oant en mei 2015 fûnen de opfierings plak yn 'e pastorijtún fan Easterwierrum, mar fan 2016 ôf binne se ferpleatst nei it sportfjild njonken MFC De Tysker, oan 'e Skuorrehôfwei. De foarstellings duorje ornaris omtrint twa oeren, ynkl. in skoft. Yn 2018 waard it iepenloftspul seis kear opfierd op seis ferskillende dagen: twa kear op 'e middei en fjouwer kear op 'e jûn.
Read more or edit on Wikipedia

Public

nothing here

editions

  • no edition found
add
add an edition without an ISBN

Welcome to Inventaire

the library of your friends and communities
learn more
you are offline