Work
Curses
wd:Q87763176
Curses is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Flokken" (yn 'e sin fan ûnheilsbeswarrings). It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Curses tusken de foarfallen yn 'e romans Small Favor en Turn Coat. Yn it ferhaal wurdt tsjoender en privee-detektive Harry Dresden frege om 'e Curse of the Billy Goat op te heffen, dêr't de Chicago Cubs al fan 1945 ôf ûnder lije. Butcher skreau Curses oarspronklik foar de blomlêzing Naked City: Tales of Urban Fantasy, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2011 útjûn troch St. Martin's Griffin, ûnder redaksje fan Ellen Datlow. Yn 2018 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Read more or edit on Wikipedia
original title: Curses
language: English
date of publication: 2011
published in: Brief Cases, Naked City: Tales of Urban Fantasy