Frysk Boun om Utens

It Frysk Boun om Utens is in koepelorganisaasje fan likernôch 27 Fryske Kriten bûten Fryslân. It bûn, dat oprjochte is op 15 septimber 1923, is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging. It Boun hat neffens it karbrief as doelstelling: in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen; by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis. De kriten organisearje byienkomsten oangeande: Toaniel, Kabaret, Sjongen, Boekbesprekken, Lêzings en/of Stúdzjegearkomsten op it mêd fan de Fryske taal, literatuer, skiednis, kultuer ensfh. Fierder wurde kursussen Frysk organisearre, sawol foar Frysktaligen as foar net-Frysktaligen
Read more or edit on Wikipedia

main subject: Frysk Boun om Utens

0
you are offline